K.V. Mid-Fryslân / ReduRisk

Akkrum / Grou / Reduzum / Warten

In wier spektakelstik yn Grou

Nei in net te bêste start fan’e kompetysje stie sneon de twadde thúswedstriid fan Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 1 op it programma. Ut de earste fjouwer wedstriden waard der mar ien kear wûn, lokkich wol fan in direkte konkurrint. Sneon spilen we tsjin in titelfavoriet en dat bin der in protte yn dizze klasse, Rohda út Amsterdam. Dit sil wol lekker blufpoker wurde fan dy minsken en lekker wat “arrogantie” ynbringe. De boerkes tegen de stadsies.

Mid-Fryslân liet sneon sjen wêrom’t se wol seker yn dizze klasse thús hearre. It begjin tot oan de pause wie in lust om nei te sjen. Fan beide kanten hast League waardich. Alle yngrediënten dy’t kuorbal sa moai meitsje sieten deryn. In bomvolle tribune, yn’e pause waarden namentlik ploechjes huldige, in sfear makke troch de trouwe “jeugdbende”. In lust foar ear en each. Hjir wol je toch dysels foar 200% foar jaan en dat barde ek. In lytse wiziging yn’e opstelling fan Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 1 joech Wessel en Harm fleugels. Hja spilen súper. Foaral Wessel wie sa wol ferdiegenjend as oanfallend yn’e koer (rebound) heer en meester. Fia 1 – 0 en 1 – 1 smiten Joss en Martijn der fuort twa yn en hiene we in lyts gatsje. Mar Rohda wist ek wol wat se hjoed woene. Net folle lingte yn’e ploech, mar wol in dynamisch rap spultsje spylje kinne. De bal giet rap fan hân nei hân. Nei 4 – 3 rûnen we selfs út nei 7 – 3 troch Lotte en Wessel. Time out foar Rohda. Dit koe sa foar harren net troch gean fansels. Der moast wat barre. Taco Poelstra soe syn team wol efkes op skerp sette. Twa skotten en it stie wer 7 – 5. We krije no dochs net it Mid Fryslân ketierke wol? Nee hear, Harm makke lokkich rap de 8 – 5 en doe wisten we dat hjir hjoed wat te heljen wie. Rohda kaam yn’e earste helte noch ien kear op 1 goal en dat wie by 10 – 9. Hjirnei wiene der tuskenstânnen fan 15 – 12. 17 – 14 en we gongen de klaaikeamers yn mei in stân fan 20 – 16. Hja jimme lêze it goed. Dit wie noch mar it skoft.

Kinne we dit folhâlde? Ik kin koart en dúdlik wêze. Hja, Mid Fryslân slagge hjiryn mei flag en wimpel. Eins ha we de hiele twadde helte mei fjouwer of mear goals foar stien. Nei 50 minúten stie der in stân fan 30 – 27, de ienichste kear dat it gatsje trije waard, op it boerd. Mid Fryslân/Jansma Burdaard 1 hat twa prachtige punten binnen helle. Reklame foar de kuorbalsport wie dit yn optima forma, spitich dat de skieds in lyts smetsje op’e wedstriid lei troch fan beide teams in spiler in ûnbegripelike giele kaart te jaan.
It team kin fjirder mei dizze wedstriid en hat it publyk oan harren bûn. No twa tige wichtige wedstriden. Hoe krije se it foar elkoar. De kommende twa wedstriden beide tsjin SCO. Nije wike earst thús en yn it begjin fan it nije jier yn Wolvegea.

Op snein spilen Mid Fryslân/Jansma Burdaard 2 en 3. Twa tsjin Blauw Wit Amsterdam en it tredde spile tsjin OWK út Oostwold. MF 2 hat gelyk spile 19-19 en MF 3 hat ferlen.

Om te kunnen reageren op dit nieuwsbericht, moet u akkoord gaan met de social media cookies.