Fryske derby (deel 1/2)
Alle ingrediënten foar in fantastysk kuorbalspektakel wiene wer oanwêzich yn Grou. Folpakte tribunes, de kleuren blauw wyt en read swart hiene goed harren best dien. Spitich dat de bûn it wichtich fynt om IEN sa’n wedstriid te plannen. Earst noch in keale hal, gjin twadde teams dy’t spylje. Mar om goed 13.00 oere begjint it al te rinnen mei minsken. Hja wolle net te let wêze en fersekere wêze fan in goed plakje. Der koe wol ris in fracht minsken komme te sjen en dat wie ek sa. De sporthal siet grotfol kuorballeafhawwers en dan ha we it noch net iens oer de minsken dy’t thús efter harren laptop sieten.
We gean der efkes goed foar sitten, foarige wike hat Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 1 sjen litten wer hja ta yn steat binne. Spitich dat Wessel hjoed net mei dwaan kin, in giele kaart spilet him parten. Echter hjoed sille we it der mei dwaan moatte. De skiedsrjochter fluitet foar it begjinsignaal en foar dat we it yn’e gaten hiene stie SCO al op 0 – 1. Echter Jos makke gelyk de 1 – 1. Hjirnei en ek yn it ferrin fan’e wedstriid dy bliken dat de froulju fan SCO it fersier op skerp hiene. Hja skoarden der lustig op los en wiene net yn’e stokken te hâlden. SCO siet fuort goed yn’e wedstriid en by Mid Fryslân bleau it sykjen. Net de júste keuzes en ferdigenjend wat te ôfwachtsjend. Mei tuskenstannen fan 1 – 5 en 3 – 7, kamen we werom yn’e wedstriid op 6 – 8. Spitich wie it dat wy op dit momint in strafworp misten. Peter hie op dit momint de hearen Martijn en Jakko wiksele fan fak en dat wie in goeie kar. Echter op dit momint bliuw SCO noch maklik skoaren en foart we der erg yn hiene stie it al wer 6 – 11. Foar de pause kamen we noch efkes werom ta 12 – 13, echter de oanslútingstreffer woe net folle en op dy mominten skeat SCO ek wer mei skerp. We sochten de klaaikeamers op by in stân fan 12 – 15.
It sit der wol yn en it sit der net yn. It kin alle kanten noch op. We wachtsje ôf. Fuort nei it skoft skoart SCO de 12 – 16. Echter je fiele dat Mid Fryslân hieltyd better yn’e wedstriid komt. Der wurdt wat strakker ferdigene en de ballen begjinne no ek oan ús kant makliker te fallen en de fakwikseling fan hearen giet foaral goed yn it fak fan Martijn. Nei de earder neamde 12 – 16, de 17 – 19, komme we foar it earst neist SCO op 19 – 19. No trochsette en ja dat bart ek. Troch doelpunten fan Martijn en Lotte komme we selfs twa goals foar. Hjirnei smiet SCO de bal ek wer troch de koer. Jakko en Lotte soarchje dernei foar in foarsprong fan trije punten 23 – 20. It dak giet der hast ôf yn Grou, soe it dan toch noch lukke om hjir de twa punten te hâlden. Nee, it slagget net, wy kin de wedstriid spitich genôch net op slot sette. It fak mei Joss hat it efkes net en SCO jout noch ien kear fol gas. In alles of niks offensief. Hja komme werom ta 24 – 24 it kin alle kanten út. SCO skoart as earste in doelpunt en wy bin net yn steat om der noch ien yn te smiten. SCO makket noch in doelpunt en de punten gean mei nei Oldeholtpea. Spitich, tige spitich, it hiene sokke moaie punten wêze kinnen.
Op 13 januari op nei Wolvegea en sjen at wy dan de punten pakke kinne. Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 3, 2 en 1 spylje dan alle trije tsjin SCO.
Om te kunnen reageren op dit nieuwsbericht, moet u akkoord gaan met de social media cookies.